Projekt 2023 Kabyobyobyo, weromsjen troch Herman
BouwenmetBoumas:
16 jannewaris 2024, Boukoördinator Herman fan út Woerden
Yn 2013 bout BmB in 1×3 klasselokalenblok yn Longe as ik besite krige fan, foar my 2 ûnbekenden, mei it fersyk om harren skoalle te besjen. Út ûnderfining wit ik dat dit fersyk oerset wurde moat nei: ‘Wij wolle ek graach sa’n skoalle”. Dit wie it begjin fan Projekt 2023 Kabyobyobyo.
Weromsjen Projekt 2023 kabyobyobyo
Fansels ha ik de skoalle besjoen, it wie in skoalle lykas safolle. In gebou omheech lutsen út hout en liem en mei in rieten tek, dat alles yn tige minne stiet. Ik sis ta dat ik it mei it Kaoma-BmB bestjoer beprate sil. Fierder kin ik neat tasizze.
No, 10 jier letter, stiet earne yn de bush, in 1×3 klasselokalenblok. Ik wurdt bejubele as hie ik dit persoanlik dien. “Wy wisten datsto komme soe, wy wisten datsto it dwaan soe.” It is omtrint ûnmooglik harren oan it ferstân te bringen dat ik mar in tosksjiltsje yn it hiele BmB barren bin. Fansels soarget BmB ek dit jier wer foar it meubilêr en dêrnjonken, en dat is de earste kear, ek foar de skoalleunifoarmen.
Tankberens
Ik fiel my in befoarrjochte minske dat ik dit eltse kear wer meimeitsje mei. De tankberens, de blidens dy fan de hiele mienskip ôfstrielet is hertferwaarmjend.
Sûnt 2018 stjoert BmB gjin kontener mei 2de hâns klean mear nei Kaoma. Benammen, om’t it hiel djoer is en om’t de kwaliteitseasken hieltyd heger wurde. Dit jier hawwe wy der dêrom foar keazen om yn Lusaka balen 2de hands klean te keapjen en dy út te dielen oan de alderearmsten. It wie in sukses mar dochs… kin it net noch better? Bettere kwaliteit, gruttere partijen keapje of, lykas by it meitsjen fan de skoalleunifoarmen, lokaal meitsje litte sadat hja der dêre in ynkommen út genereare? Stof om oer nei te prakkesearen.
Ik mei elk jier 2 kear hinne en werom nei Zambia, soms moatte der beammen kapt wurde om romte te meitsjen foar it gebou. Warskynlik falt de CO2 footprint wol mei mar dochs. Troch de oanplant fan nije beammen kinne wy dy ferlytse. Dizze simmer krigen wy út tankberens yn Kabyobyobyo in stik lân oanbean om dit te ferwêzentlikjen. Hiel moai fansels mar it is te grut om dit sûnder wetlike dokuminten te akseptearjen. Dus earst mar op lytse skaal begjinne.
Willem Bouma
Yn 2010 gie Willem foar de lêste kear mei nei Kaoma om te bouwen oan in skoalle foar gehandicapte bern. It like my in goed idee ta om, no Willem is ferstoarn, de skoalle nei him te ferneamen. Dit fansels yn goed oerlis mei syn famylje en it BmB bestjoer en it skoallebestjoer.
Elkenien gie akkoard. Sjoch ris oan, de Willem Bouma skoalle is in feit.
Herman Bouma, fotograaf/koördinator.
Mear foto’s fan de oplevering: sjoch hjirneist op Facebook. Wat krige Herman as geskink?
Of sjoch op projektfoto’s.