In nij/ ekstra lokaal bestjoerslid
It lokale Kaoma bestjoer útwreide mei in ekstra lid
Om’t BmB elk jier in nij haadprojekt docht en ek it ûnderhâld fan earder ynstallearre gebouwen oandacht freget, is it lokale Kaoma bestjoer útwreide mei in ekstra lid. Hamulondo, al in tal jierren aktyf yn de organisaasje, is selektearre as ekstra bestjoerslid. Wy lokwinskje Hamulondo en winskje him dermei ek in hiele protte sukses ta foar de takomst. Hjirby in koarte yntroduksje troch ús lokale BmB bestjoerslid sels.

Hamulondo ferteld
“Ik bin Hamulondo, 41 jier lyn berne en kom út in beskieden húshâlding fan 10. Myn wente stiet yn it Kaoma distrikt, in westlike provinsje fan de republyk Zambia. Ik bin ik oplieden foar learaar middelbere skoalle mar wurkje foar it ministearje fan ûnderwiis as chauffeur/monteur. Derneist tsjinje ik ek as reservist sersjant by de plysje fan Zambia, en as ynspekteur oerheidserfier foar it distrikt Kaoma.
Myn mem stoar yn augustus 2000 oan kanker en it jier dêrop stoar myn heit. Sterke troch myn eigen besiking, brocht myn tawijing foar woldiedichhyd. Ik wol by drage oan it wolwêzen fan de mienskip en wurkje oan inisjativen dy’t it libben fan de minder befoarrjochten ferbetterje.
Sjoen myn passie foar woldiedichhydswurk, hie ik de winsk om lid te wurden fan in organisaasje wêr ik mienskip tsjinje kin. En yn 2019, begûn ik BmB te assistearen.
Yn 2023 hat BmB Kaoma mei sukses in klasselokaal fan 1×3 yn Kabyobyobyo oplevere en twaddehânsk klean doneare oan de mienskippen Kamuni, Lukute en Mulundu, njonken de eardere projekten dy troch BmB dynt binne. De organisaasje hat ek 1×3 klasselokalen boud en oerdroegen yn Kashompa, Longe, Kashokoto, Mwanawasa, Namasheshe en gâns oare plakken om op te neamen
Net allinich mar bouwe
Mar BmB hâldt him net allinnich dwaande mei bouwen. mei nammen it lokale bestjoer halt sich dwaande mei tal fan oare aktiviteiten, wêrûnder it fersoargje fan ferfier foar begraffenistsjinsten foar net opeaske lichems, de soarch foar kânsearme bern, wêzen en oansteande memmen yn beswierlike situaasjes, it stypjen mei klean en it plantsjen fan beammen. It lokaal bestjoer is drok dwaande.
As nij lid fan it bestjoer bin ik God tankber foar it oanjeien fan myn langstme nei woldiedichydswurk. Ik sprek myn djippe wurdearring út foar BmB Nederlân foar it net te leauwen wurk dat hja dien hat om de libbensstandert fan de minsken yn Kaoma te ferheegjen. Har ynspannings toverje in glimkes op gesichten fan minsken dy’t yn earmoed libje, en harren bydrage hat libbens feroare. Ik bin grutsk om foar BmB te wurkjen”.