Alienum phaedrum torquatos nec eu, vis detraxit periculis ex, nihil expetendis in mei. Mei an pericula euripidis, hinc partem.

T: 06 – 26 39 83 52

BouwenmetBoumas-Zambia-Partin

Blog

Bouwen met Bouma's / Algemien  / Durk Bouma, inisjatyfnimmer / mei-oprjochter fan de stichting Bouwen mei Bouma’s

Durk Bouma, inisjatyfnimmer / mei-oprjochter fan de stichting Bouwen mei Bouma’s

Ta ús fertriet is op 17 novimber 2023 ferstoarn, Durk Bouma, ien fan de inisjatyfnimmers / mei-oprjochters fan de stichting Bouwen mei Bouma’s. Durk is yn 2006 tegearre mei bruorren, Willem, Herman, Klaas en syn frou Yt nei Sambia west om mei te bouwen oan it earste projekt fan de stichting. Nei dizze ûnderfining is  altyd aktyf belutsen west by de stichting en hat er him bot ynset om ek oaren te entûsiasmearjen. Syn stelling wie dat we de Sambianen it bêste helpe kinne troch harren fiskje te learen en net troch se fisk te jaan.
Hy hat him it ôfrûne jier sterk makke om ús eigen doel foar 2024 tegearre mei de parochy fan Snits, Roodhuis, Blauhús en Heech op te pakken. Dat is mei troch syn ynset slagge. Spitigernôch hat er it positive beslút fan de fêstenaksje net mear meikrigen.
Wy binne Durk Bouma tige tankber foar syn ynset sûnder betingsten foar ús stichting.