Alienum phaedrum torquatos nec eu, vis detraxit periculis ex, nihil expetendis in mei. Mei an pericula euripidis, hinc partem.

T: 06 – 26 39 83 52

BouwenmetBoumas-Zambia-Partin

Blog

Bouwen met Bouma's / Algemien  / BouwenmetBoumas, Projekt 2025 Naliele, besite oan in Roayal Highness en oankundiging oan de mienskip
BouwenmetBoumas, Project 2025 Naliele, oankundiging

BouwenmetBoumas, Projekt 2025 Naliele, besite oan in Roayal Highness en oankundiging oan de mienskip

BouwenmetBoumas:

13 febrewaris 2024, Boukoördinator Herman fan út Sambia, oer Projekt 2025

3 wichtige taken

De besite fan de BouwenmetBoumas boukoördinator oan Sambia hat altyd trije wichtige agindapunten. 1. it ûnderhâlden fan de kontakten mei it lokale bestjoer, 2 it hjoeddeistige projekt en 3 it projekt fan takom jier. Hjoed stie op de aginda Projekt 2025 Naliele. Jawis opnij in skoalle mei 3 klasselokalen, foar de mienskip yn Naliele.

BouwenmetBoumas, Naliele, map

Projekt 2025, oankundiging oan de mienskip fan Naliele

Naliele is in lytse mienskip 6 km westlik fan Kaoma. Foarsitter Alexius Shiswashwa docht de oankundiging, tegearre mei oare leden fan it lokale bestjoer. Hjirby krijt de mienskip te hearren dat fan harren ek in wichtige bydrage ferwachte wurdt. Sy moatte der nammentlik foar soargje dat it sân en grint der komt. En dat lokket altyd in winske diskusje út. Troch de eigen ynspanningen wurdt nammentlik de belutsenens fan de mienskip grutter makke. En it wurket kostebesparjend foar BouwenmetBoumas.

Ferslach fan Herman

Foar de koloniale tiid bestie Sambia út in tal keninkriken, Barotseland yn de Western Province wie sa ’n keninkryk. Yn ‘e koloniale tiid is Barotseland altyd in keninkryk bleaun ûnder Britske protektoraat. Hjoed-de-dei is it op papier noch altyd in keninkryk.
In kening hat fansels minsken nedich om syn taak sa útoefenje te kinnen… dit binne syn chiefs en Senior Chiefs. Yn Naliele wennet in Senior Chief.

Mar foardat wy, BmB yn Naliele de mienskip fertelle kinne dat wy yn 2025 dêr in 1 klasselokalen blok bouwe sille, moatte wy earst nei de Senior Chief. En leau my dat is noch knap lestich. Kinst net even oanbelje, nee dit sil mank mei it toanen fan in hiel soad respekt.
Tradisjoneel respekt.

Wy wurde ûntfongen troch in beoardielingskommisje om te beoardieljen oft de Senior Chief ús wol ûntfange kin / wol. Foardat wy deryn geane, ha wy al in pear kear, út respekt, knibbelje moatten en súntsjes yn ‘e hannen klapt. Wy wurde goed keurd.

Nei it paleis.

Ek dêr wer knibbelje, hannen klappe, wachtsje en wer in eintsje foarút, mar úteinlik binne wy yn ‘e ûntfangst romte dêr ’t wy in stoel  oanwiisd krije. As his Royal Highness, ja sa wurdt er echt oansprutsen, yn oantocht is moatte wy op de grûn sitten gean sadat er passearje kin. Op syn teken meie wy wer op ‘e stoel sitten gean. Foar in nochtere Fries sa ’t ik, is it efkes trochbite mar…

It doel fan ús komst wurdt útinoar set en de Senior Chiefs is bliid en tankber. Ein fan de seremoanje, no ja, net samar fuortrinne fansels. Want bûten stiet in fotograaf te wachtsjen om in pear foto’s fan ús te meitsjen. En dat is gjin probleem fansels mar wat sketst ús fernuvering: de Senior Chief komt nei bûten rûn en wol mei ús op ‘e foto. Hy komt neist my stean en leit syn hân op my skouder. Blykt Senior Chief Akashambatwa ek mar in gewoan minsk fan fleis en bloed te wêzen.

In bysûndere ûnderfining.

BouwenmetBoumas, Project 2025 Naliele, oankundiging oan d emeinskip BouwenmetBoumas, Project 2025, oankundiging BouwenmetBoumas, Project 2025 Naliele, oankundiging BouwenmetBoumas, Project 2025 Naliele, oankundiging en petear mei de mienskip Projekt 2025, Bestoer BmB op de foto mei in Roayal Highness

BouwenmetBoumas fan út Naliele, Herman Bouma

Werom nei Home