Alienum phaedrum torquatos nec eu, vis detraxit periculis ex, nihil expetendis in mei. Mei an pericula euripidis, hinc partem.

T: 06 – 26 39 83 52

BouwenmetBoumas-Zambia-Partin

Blog

Bouwen met Bouma's / Algemien  / BouwenmetBoumas Project 2024, de foarútgong yn byld.

BouwenmetBoumas Project 2024, de foarútgong yn byld.

BouwenmetBoumas

Project 2024

Nei 3 wiken mei-inoar mei Lies fakânsje te hawwe fierd yn Zambia is it no wer tiid om te wurkjen.
Dizze kear besteegje wy in soad tiid, om mei-inoar mei it bestjoer, al ús projekten te besykje en Gerard Schoemaker as myn opfolger te yntrodusearje. It streaket fansels myn idelheid dat ik oeral te hearren krige dat ik ek altyd werom moat komme. Wy sille sjen.

Projekt 2024 sjocht der hiel goed út. Foar ús Nederlanners giet it fansels net fluch genôch mar dat komt mei trochdat  der net foldwaande goede metselaars te krijen syn en dat komt wer om’t der by ’t in soad wurdt boud yn Kaoma.  Spitich foar BmB mar fantastysk foar de ekonomy yn Kaoma.

In bou petear op syn Sambiaans: in pear bestjoersleden, de oannimmer en útfierder beprate de situaasje, immen makket in skets yn it sân en hja kinne wer foarút, bliuwt in wûnderlike wrâld. Prachtich.

Oant foar in pear jier stjoerde BmB elk jier in kontener foar in grut part folle mei 2de hands klean, tsjintwurdich keapje wy dizze klean yn Zambia en dielen wy hja út ûnder de alderearmsten, spitigernôch is it nea genôch.
Yn it ôfrûne reinseizoen hat it omtrint net reint mei as gefolch dat it wetterpeil yn de Kariba Rivera fiersten te leech is om ús fan foldwaande stream te foarsjen, gefolch: loadshedding.  12 oeren per dei gjin stroom.  Foar Gerard en my is it in bytsje lestich. Soms iten wy allinne bôle. En is der `s nachts wol stream dan gau wetter itensiede en de termoskanne folje, want wy wolle de dei wol graach mei in kop kofje begjinne. Mar foar de ekonomy fan Zambia is it rampzalig.

In noch gruttere ramp as gefolch fan de droegte driget: hongersneed. De mais oogst is foar in grut diel mislearre en mais is hjir it belangrykste iten . De earste slachtoffers binne de alderearmsten en bern.  Spitigernôch kinne wy as BmB neat oan dizze situaasje feroarje mar wy kinne wol skoallen bliuwe bouwe sadat bern nei skoalle kinne en sy yn de takomst mei kinne denken/werken om de klimaatferoaring te bestriden.