Dielnimmende parochies Vastenactie 2022
Yn 2022 wurde yn Mahilo, as útwreiding fan de besteande skoalle, 3 klaslokalen boud. De skoalle bestiet op dit stuit út 13 lokalen, mar hat driuwend ferlet oan ekstra lesruimte. Yn totaal gean der no sa’n 1500 learlingen nei dizze skoalle. Ta beslút is it stribje it oantal learlingen per lokaal te beheinen oant op syn heechst 45. Doel is dat troch in lytsere groepsgrootte de kwaliteit fan it ûnderwiis kin wurde ferbettere.
It projekt yn Mahilo is yntsjinne as eigen doel foar de vastenactie. It projekt is mei-inoar mei de Clara fan Assisi en de Fransiscus van Assisi parochie taret. De Clara fan Assisi parochie beslacht de Rooms-Katholieke tsjerken yn Gordyk, Easterwâlde, Drachen en Zorgvlied. De Fransiscus fan Assisi parochie hat lokaasjes yn Assen, Roden en Zuidlaren. Beide parochies hawwe in webside mei mear ynformaasje: sjoch claravanassisi.nl en franciscus-parochie.nl.
Wy hoopje dat oan it ein fan dit jier in posityf beslút oer ús projekt nommen is troch de organisaasje fan de Vastenactie!