BouwenmetBoumas Project 2024 Kaoma KTTI, bouwe begjint hjir mei stiennen meitsje.
BouwenmetBoumas:
9 febrewaris 2024, Boukoördinator Herman fan út Sambia.
Goalera…
Dat troch de goalera útbraak yn Sambia it wurk fan BouwenmetBoumas dreger wêze soe, lei wol yn de line fan ferwachting, mar net dat it sa grut wêze soe. De oerheid hat besletten dat de skoallen net op 29 jannewaris wer iepen gean mar pas op 12 febrewaris, dêroan yn it foar geande krije se ynspeksje fan it ministearje fan sûnens om te kontrolearjen oft alles genôch skjin is, sa net dan bliuwt de skoalle ticht. Ik soe op 15 febrewaris wer nei hûs gean, mar wy hawwe besletten dat ik twa wiken langer bliuw.
Earst stiennen en dernei de grûn yn
De wurksumheden oan projekt 2024, de bou fan in 4 klasselokalen blok, ynklusyf kantoarromten, by it Kaoma Trades Training Institute binne yn folle gong, der moatte 8000 stiennen / blokken makke wurde, swier wurk. De ferwachting is dat se oer 3 dagen klear binne. Foar de fundearring brûke wy 8 dûms blokken en foar de muorren 6 dûms. Nije wike hoopje wy de linen út te setten en mei de fundearring te begjinnen. Hantwurk, swier wurk dus. Sûnder tsjinslach ferwachtsje wy dat de betonflier op 3 maart, de dei fan myn fuortgean, der leit.
Rein as gjin rein
De grutste ’tsjinslach’ soe in fûle rein wêze, dat soe de bou fertraagje kinne, mar oft dat oanmurken wurde moat as tsjinslach is de fraach. It hat al skoften hast net reind, de rein is mear as wolkom. Ik hear it wurd ‘ hongersneed ‘ al flústerjen. Hooplik falt dat ta. Krij niis berjocht dat der in nij gefal fan goalera yn it sikehûs binnen brocht is, oant no ta kamen alle pasjinten út Lusaka, of dat dit ek it gefal is wit ik net. It bliuwt goed ’tsjen hjirre.
BouwenmetBoumas fan út Kaoma, Herman Bouma
Mear oer projekt 2024:
Sjoch ek op ús Youtube kanaal:
BouwenmetBoumas-Bouwen begjint hjir mei stiennen meitsje. En dat binne der dit jier 8.000 stiks. 🙂

