BouwenmetBoumas, Project 2024, Piketpealtsjes en in stroomhokje
BouwenmetBoumas:
3 maart 2024, Boukoördinator Herman fan út Sambia, oer Projekt 2024
Piketpealtsjes en in stroomhokje
BouwenmetBoumas Projekt 2024 komt op stoom. De stiennen binne klear en no de grûn yn. Gjin gebou sûnder goede fundearring. De lokaasje fan de skoalle wie bekend, mar der wie dochs noch in lyts obstakel oer de holle sjoen. Papier is willich, mar hjir stiet in elektrisiteit hokje… en dat ferpleatse je net samar efkes. Stroom is yn Sambia in grut guod, ôfbliuwe dus. De piketpealtsjes moasten dêrom efkes fierderop de grûn yn. Dat is net sa ’n probleem yn Kaoma Zambia en de fertraging is beheind. Dit hie yn Nederlân wat langer duorre tink ik.
Entûsjasme
Omdat it bouwen oan de nije klasse lokalen fan it Kaoma Trades Training Institute no echt úteinset is, begjint it noch mear te libjen yn de mienskip. Studinten komme en helpe ek in hantsje en sa te sjen wie der gjin PBM kontrôle op de bou, dit kear. Fantastysk om te sjen hoe ’t dit giet. Dit bliuwt in bysûndere ûnderfining.
Mar it is no foar my hast wer tiid om nei hûs ta te gean. En dat is prima. It lokale bestjoer hat, en hâldt de koördinaasje goed yn hannen.
BouwenmetBoumas fan út Kaoma, Herman Bouma
Werom nei Woerden, back Home
It Kaoma Trades Trainings Institút is ien fan de fjouwerentweintich iepenbiere TEVET oanbieders yn Sambia.
De ynstelling wurdt regulearre troch TEVETA en hat de graad 2 – status, wat betsjut dat it foldocht oan de TEVET easken op it mêd fan ynfrastruktuer, moderne apparatuer en kwalifisearre ûnderwizend personiel.

