Alienum phaedrum torquatos nec eu, vis detraxit periculis ex, nihil expetendis in mei. Mei an pericula euripidis, hinc partem.

T: 06 – 26 39 83 52

BouwenmetBoumas-Zambia-Partin

Blog

Bouwen met Bouma's / Aktueel  / Project 2025 en Fêstenaksje
Vastenactie 2025 Naliele

Project 2025 en Fêstenaksje

Bouwen met Bouma’s projekt 2025: Nijbou 3 klasselokalen te Naliele yn Zambia

Projekt 2025: Tegearre mei de stichting Bouwen mei Bouma’s wurket de HH Petrus en Tsjummearum (mienskippen fan It Hearrenfean, Wolvegea, Steggerda en Frederiksoard) dit jier oan in projekt yn Naliele.

Wêr sille wy it foar dwaan?

De Kaoma Primary School leit yn it Naliele paleis fan de Lozi befolking, leit oan de westkant fan Kaoma. Dizze skoalle, dy’t yn 1947 oprjochte waard, hat sûnt dy tiid gjin ekstra klasselokalen krigen. En dit, nettsjinsteande it feit dat it tal learlingen omheech gien is oant 855: besteande út 397 jonges en 458 famkes.

Mei troch it oerheidsbelied dat ûnderwiis no fergees is en dat âld-learlingen op’e nij talitten wurde meie, binne de klasselokalen geweldich oerbelêste.

Wat wolle wy berikke?

De legere skoalle wurdt op dit stuit opwurdearre nei in middelbere skoalle. Dizze opwurdearring is needsaaklik om te foarsjen yn’e groeiende fraach nei ûnderwiis yn’e regio. It útwreidzjen fan it tal klasselokalen is hjirby essinsjeel, omdat de skoalle in soad jongerein út ferskillende mienskippen krijt.

Bouwe mei Bouma’s, hoe giet dat yn syn wurk?

De skoalle en de âlden fan de learlingen wurde belutsen by de bou. Sy soargje mei foar it winnen fan sân en grint en it meitsjen fan de stiennen. Hjirtroch groeit de belutsenens en de mei ferantwurdlikheid foar de skoalle en it takomstige ûnderhâld. De bou wurdt útfierd troch in lokale oannimmer mei eigen boufakkers. Nei it ôfrûnjen fan de bou soarget de oerheid foar it oanstellen en beteljen fan diplomearre learkrêften.

De oerheid ferdûbelet de wearde

Wat soe de sin wêze fan in skoalle sûnder goede leararen? Net folle, is’t net sa? Dêrom sil de oerheid, by de yn untfangstname fan it nije gebou, sertifisearre leararen oannimme en betelje.

Duorsum ûnderwiis (foar no en foar de takomst)

De lokale befolking is ferantwurdlik foar de nijbou en BmB stipet takomstich ûnderhâld. Wy geane foar de lange termyn.

Wat is Fêstenaksje? En hoe giet dat yn syn wurk?

De HH Petrus fan Heerenven, Steggerda, Wolvegea en Frederiksoard fiert kampanje foar dit projekt om it nedige projektjild yn te sammeljen. Dit projekt is troch Fêste-aksje goedkard foar in totaalbedrach fan € 3.120. Dat betsjut dat as der op dizze aksje € 2.400 byinoar brocht wurdt, Fêstaksje hjir 30% byleit. Dus een ekstra bedrach van maximaal € 720, -. Dat is de muoite wurdich. As jo op Fêstaksje donearje, wurdt jo ynlis dus mei 30% ferhege! Wolle jo mear witte fan Fêstenaksje klik op folgjende link.

Scan mei jo mobyl ûndersteande QR koade om fan de +30% regeling gebrûk fan te meitsjen.

De Stichting Bouwe mei de Bouma’s hat de ôfrûne 19 jier meardere bouprojekten finansiere. De stichting wol bydrage oan in bettere takomst foar de ynwenners fan Sambia. Dêrfoar is it folgjen kinnen fan goed ûnderwiis in wichtige betingst. It bouwen fan trije ekstra leslokalen fergruttet de kapasiteit fan de skoalle enoarm. Learlingen fan 12 oant 18 jier krije dêrmei kâns op in bettere takomst.

Tegearre mei de parochy wol de stichting Bouwen mei Bouma’s 3 klasselokalen realisearje yn Naliele.

Wy hoopje op jo stipe foar dit moaie projekt!