Alienum phaedrum torquatos nec eu, vis detraxit periculis ex, nihil expetendis in mei. Mei an pericula euripidis, hinc partem.

T: 06 – 26 39 83 52

BouwenmetBoumas-Zambia-Partin

Blog

Bouwen met Bouma's / Aktueel  / Tweintich jier jubileum foar BouwenmetBoumas. Komst nei Reahûs op 14 septimber?

Tweintich jier jubileum foar BouwenmetBoumas. Komst nei Reahûs op 14 septimber?

It tweintich jier jubileum foar BouwenmetBoumas

Tweintich jier jubileum….. Al wer tweintich jier lyn is it dat it idee ûntstie yn de famylje om wat te bouwen foar de mienskip yn Sambia. De minsken dêr’t en wêrmei’t Johannes Bouma mei wurke.

BmB, twintig jaar jubileum

De earste stien, tweintich jier lyn.

In moaie gelegenheid om inoar te moetsjen

‘De tiid hâld gjin skoft,’ sizze we yn Fryslân, mar wy wolle dat no krekt wol eefkes dwaan, en hjirby stil stean. De famylje Bouma (Lenis) komt fan de Huniadyk, sa’n 4 km fan Reahûs. Der is gjin better plak om it tweintich jier jubileum BouwenmetBoumas te fieren as yn Reahûs. By de tsjerketsjinst, oanfang 09.30, wurdt stilstien by it jubileum, en dêrnei is it neisitten yn it doarpshûs, Kafee De Ree njonken de tsjerke.

Foar alle freonen, famylje en kunde om BmB hinne is it ek in moaie linigens om inoar wer ris efkes te sjen en te praten.

In nije wei, nije sponsors

Neist it stypjen yn bouprojekten is BmB ek in ekstra nije wei ynslein. Wy stypje op dit stuit ek lytse ûndernimmers.

Twa ûndernimmingen binne selecteert en hjirfoar hâlde wy yn de tsjerketsjinst in extra kollekte. Eltse bydrage, grut of lyts, is fan herte wolkom!

Kinst net nei Reahús komme? No dan kinst ek op disse site in donaasje dwaan

We hoopje dit jubileumjier fansels ek op nije sponsors.

“ Jout it troch, jout it troch ”

BmB hopet fansels op in hege opkomst. Dêrom it fersyk om dyn freonen, famylje, âld Readhústers, en wa dan ek te ynformearjen en út te nûgjen. En dat kin ek hiel maklik troch hjirûnder op de social media dit berjocht te dielen.

Je binne fan herte wolkom. Komst ek?
Meld dy hjir oan.