Bouwenmetboumas Stiftingsgearkomste 2025
Bouwenmetboumas stiftingsfergadering 16 novimber 2025
Jawol, hy komt der wer oan. De BouwenmetBoumas stiftingsgearkomste. En dizze is, lykas gebrûklik yn it parochyhûs fan de R.K. tsjerke, Midstrjitte 10 op De Jouwer.
De jierlikse gearkomste fan BmB is tagonklik foar eltsenien dy’t ynteressearre hat. Hy is op 16 novimber. Komst ek?
Doel Stiftingsgearkomste
De Stiftingsgearkomste is bedoeld foar eltsenien dy’t donearret, aktyf dwaande is, ynteressearre is of op watfoar wize dan ek belutsen is mei BouwenmetBoumas. Op de gearkomste wurdt ynformaasje jûn oer de projekten fan ferline jier en oer de plannen fan takom jier. BmB sil him ek rjochtsje op lytse begjinnende ûndernimmers. Oer dizze ûntwikkelingen sil ek útlis jûn wurde. En der wurdt fansels wer ynsjen jûn oer de finansjele situaasje. Dit kear troch ús nije ponghâlder Wilmer Bouma. Je binne fan herte wolkom op de gearkomste, en as je nije ideeën hawwe foar BmB meie je dizze gerêst oandrage.
Moai datst komst.