Projekt 2024 en Fêstenaksje
Bouwe mei Bouma’s projekt 2024: Nijbou 4 klasselokalen Kaoma Trades Institute yn Zambia
Projekt 2024: Yn de Zambiaanse stêd Kaoma wurdt de kapasiteit fan it fuortset ûnderwiis flink útwreide, tanksij de bou fan nije leslokalen. Âlders soargen foar boumaterialen, leerling-timmerlieden meitsjen it meubilêr.
Wat is der oan de hân?
De befolking fan Zambia groeit fluch en dêrmei ek it ferlet oan skoallen. De oerheid hat it rjocht op basisûnderwiis yn de wet fêstlein, mar de kwaliteit lit te winsken oer. De measte bern gean fergees nei gemeente skoallen, wêr leararen amper betelle krije. En yn dielen fan Zambia binne hielendal gjin skoallen foar fuortset ûnderwiis. De wurkleashyd yn it lân is heech en in diploma fan de middelbere skoalle of in beropsoplieding fergruttet de kâns op goed wurk.
Wat wolle wy berikke?
Yn de stêd Kaoma is in skoalle foar fuortset en beropsûnderwiis, it Trade Institute. It tal learlingen is flink groeid, sadat der mear leslokalen nedich binne. De Stifting Bouwe mei de Bouma’s hat de ôfrûne 18 jier meardere bouprojekten finansiert. BmB wol bydrage oan in bettere takomst foar de ynwenners fan Zambia. Dêrfoar is ûnderwiis in wichtich betingst. Mei it bouwen fan fjouwer ekstra leslokalen fergruttet de kapasiteit fan disse skoalle mei 125 prosint. Sa’n 500 learlingen fan 12 oant 18 jier krije dêrmei kâns op in bettere takomst.
Hoe dogge wy dat?
De skoalle en de âlders fan de learlingen wurde belutsen by de bou. Sy soargje foar it winnen fan sân en grint en it meitsjen fan de stiennen. Dat giet dér wat oars as hjir en it is in protte wurk. Hjirtroch fiele hja harren mei ferantwurdlik foar de skoalle en it takomstige ûnderhâld. De bou wurdt útfierd troch lokale boufakkers. It Trade Institute liedt ûnder oare timmerlju op. As ûnderdiel fan har oplieding leare sy it meubilêr en de doarren te meitsjen foar de nije lokalen.
De oerheid ferdûbelet de wearde.
Wat foar sin hat in skoalle sûnder goeie leararen? Net in soad, netwier?
Dêrom sil de oerheid, as komplimint foar it nije gebou, en neidat de bou dienmakke is, sertifiseare leararen oannimme en betelje.
Duorsum ûnderwiis (foar no en foar de takomst)
De lokale befolking is ferantwurdlik foar de nijbou en BmB ondersteunt takomstig ûnderhâld. Wy gean foar de lange termyn.
Wat is Fêstenaksje en hoe giet dat yn syn wurk?
Sint Antonius van Padua parochy yn Snits fiert kampanje foar dit projekt om it nedige projektjild yn te sammeljen. Dit projekt is troch Fêstenaksje goedkard foar in totaalbedrach fan € 11.050. Dat betsjut dat as der op dizze aksje € 8.500 byinoar brocht wurdt, Fêstenaksje hjir 30% byleit. Dus in ekstra bedrach fan maksimaal € 2.550, -. Dat is de muoite wurdich. As jo op Fêstaksje donearje, wurdt jo ynlis dus mei 30% ferhege! Wolle jo mear witte fan Fêstenaksje check as folgjende link.
Scan mei jo mobyl ûndersteande QR koade om fan de + 30% regeling gebrûk fan te meitsjen.
