Herman en Gerard tegearre op boumissy yn Kaoma, Zambia
7 september 2024
BouwenmetBoumas
Herman en Gerard tegearre op boumissy yn Kaoma, Zambia
Nei 18 jier draacht Herman Bouma it stokje oer oan Gerard Schoemaker. Dêrom binne Herman en Gerard tegearre foar seis wiken op boumissy yn Kaoma.
6 septimber 2024, troch Gerard Schoemaker
Project 2024, project 2025 en de oerdracht
Foar my wie it de 1e kear foar BmB yn Sambia. Sambia is wol bekend terrein foar my, want fan 1992 oant 1995 wenne en wurke ik mei myn húshâlding yn Manyinga, ien dei reizgje hjir wei. Herman, en in hieltyd wikseljende delegaasje fan it lokale BmB Kaoma bestjoer, hawwe my letterlik alle projekten sjen litten dy’t de ôfrûne 18 jier hjir boud binne.
Yn haadsaak 2 en 3 klasselokalen blokken, mar ek it Regina hûs, de Mothercare shelter en de keuken fan it doetiidske weeshûs. It Regina hûs, it alderearste projekt, is no soarte fan doarpshûs wurden.
Yn haadsaak 2 en 3 klasselokalen blokken, mar ek it Regina hûs, de Mothercare shelter en de keuken fan it doetiidske weeshûs. It Regina hûs, it alderearste projekt, is no soarte fan doarpshûs wurden.
Op dit stuit wurdt driftich boud oan it oant no ta grutste projekt: 4 romme technyske klasselokalen, mei funksjonele tuskenromten foar it Kaoma Trade Center.
En tagelyk foarderet it nije BmB guest house, ek wol ‘ Hermans House ’ neamd, stadich.
Dit is bestimd foar ús as bou-koördinatoaren en oare besite út Nederlân en Sambia.
En tagelyk foarderet it nije BmB guest house, ek wol ‘ Hermans House ’ neamd, stadich.
Dit is bestimd foar ús as bou-koördinatoaren en oare besite út Nederlân en Sambia.
Project 2025
Fierder hawwe wy op besite west by it projekt foar takom jier, in 3 – klasselokalenblok yn Naliéle. De ûnderwizers en de doarpslju binne der al hielendal klear foar. De âlden hawwe al in part fan it sân sammele fia amers op ‘e holle. In hiele put, hast net te dwaan. Dêrom wurdt it restearjende sân en grint no dochs mei de frachtwein oanfierd. Yn jannewaris wurdt úteinset mei it meitsjen fan de betonnen stienen.
Ik haw mei west nei Lusaka om boumaterialen en alderlei tabehearren yn te keapjen foar de hjoeddeistige projekten; it Kaoma Tradesenter en it BmB guesthouse. In enoarme put yn dizze hektyske stêd. Keapmansgeast, effisjinsje en trochpakken wie it mantra! Ek it regeljen fan transport nei Koama is gjin sinekure! Dêrneist haw ik mei de trije BmB Kaoma bestjoersleden in tal deeglike twaddehânske Toyota Landcruisers besjoen omdat ús hjoeddeiske BmB Toyota Hilux syn bêste dagen hân hat! Uteinlik koene wy ús unanym fine yn de auto dêr’t ús sjauffeur Hamulonda it meast entûsjast oer wie!
Wat my ek altyd bybliuwe sil fan dizze 6 wiken binne de meislepende, prachtige muzikale katolike missen yn de lokale Lozi taal. De niging om mei te sjongen en te dûnsjen koe ik mar amper ûnderdrukke!
Grutte skuon
Herman kundige by de besite fan projekten oer al syn ôfskied oan en yntrodusearre my as syn opfolger. Nei 18 jier hat er hjir in ûnferjitlike yndruk efterlitten tsjûge alle wurden fan tank, respekt en bewûndering. In hiel soad learlingen yn ‘e klaslokalen wisten gelyk wa’t er wie en neamden spontaan syn namme! Sels yn ‘e tsjerke waarden wy nei foaren helle troch de pryster! Elkenien yn Kaoma en omkriten beseft de leechte dy’t er achterlit.
Ik ha grutte skuon te foljen!
Foardering Project 2024

