Wolle jo in aksje opsette om jild te sammeljen foar de stichting? Wy wurdearje dat tige en helpe graach! In aksje opsette mei oaren, bygelyks mei jo kollega’s, freonen, feriening of tsjerkemienskip is fansels leuker as allinich!

Winterfair Workum 2023
Súksesfolle aksjes út it ferline binne bygelyks:
In finansjele bydrage jaan? Oft it ienmalig, moanne, fearnsjier of jier is, wy binne wiis mei alle lytse bytsjes! Kieze jo foar gemak? Download it formulier hjir foar in trochrinnende machtiging.
Jo kinne ek online stypje fia ús webside.
As jo periodike donaasje oan in oantal betingsten foldocht, kinne jo it yn jo ynkomstebelesting ôflûke. In skriftlike oerienkomst is hjirfoar nedich (sjoch pdf belestingtsjinst).
Wolle jo wat ôfprate dat jo net opnimme kinne yn dizze oerienkomst? Bygelyks dat jo stipe ferfalt as jo of in neiste komt te ferstjerren? Dan kinne jo in kontrakt meitsje litte troch de notaris. Of jo kinne in skriftlike oerienkomst tariede tusken jo en de stichting sels.
Lês krekt oan hokker betingsten in periodike stipe foldwaan moat om yn oanmerking te kommen foar ôflûk yn jo ynkomstebelesting op www.belastingdienst.nl/giften.
Yn in wilsbeskikking as testamint kinne jo opnimme litte dat in diel fan jo neilittenskip skonken wurde moat oan BmB. In testamint kin allinich by de notaris opsteld wurde. In wilsbeskikking kin opmakke wurde sûnder notaris. Sa’n beskikking moat datearre en tekene wurde.