
Bou fan hostels by Kaoma Trade Centre
By it Kaoma Trade Ynstitúte wurd jongerein ûnderwiisd op it gebiet fan lânbou, technyske ynstallaasjes en administraasje. Sûnt in oantal jierren wurde der ek wer boufakkers oplieden. De stichting Bouwe mei Bouma’s hat dat mei mooglik makke troch de finansiering fan lessen foar 10 oant 20 learlingen. Dizze nije oplieding foarsjocht dúdlik yn in ferlet.
Studinten komme út de wijde omtrek nei de skoalle. Om’t de ôfstannen sa grut binne, is der ferlet oan wenromte tichteby de skoalle. Op dit momint wurdt in diel fan harren bûten de kampus fan de skoalle ûnderbrocht en de skoalle hiert dêrfoar romte. Op de kampus fan de skoalle is dêrnjonken noch wenromte dy mei nammen troch de froulike studinten brûkt wurdt. Mei ús nije projekt wolle wy de kapasiteit oan wenromte op de kampus graach fergrutsje. It bestjoer yn Zambia hat in plan makke dat húsfêsting biedt oan 64 studinten.


20 januari 2024