Nei de reis
It is alwer mear as 5 moanne lyn dat ik yn Afrika west ha. In stikje erfaring fan my om 5 wike te wêzen en te wurkjen yn Zambia, Kaoma. Yn myn belibbing ha wy in kwa wurk fan alles en noch wat dwaan kinnen: mitselwurk, timmerwurk, restauraasjewurk, meubelwurk foar de tsjerke en herstelwurk foar it weeshûs. Omdat dat myn wurk is giet dat eins wol fansels dat kwa yndrukken is it foar my mear de libbenswize fan de minsken dêr. It is krekt of libbet it dêr 50 jier werom yn de tiid. Ik ha respekt krigen foar de minsken dy’t dêr mei in bytsje in soad berikke kinne kwa materiaal, jild, ferfier en sa. Wy as westerlingen kinne lang net begripe hoe’t in minske dêr libbet. Nettsjinsteande alles binne hja freonlik, gastfrij en libje by de dei. Ik ha faak tocht: “wy westerlingen binne slaaf fan ús sels wurden”. Ik bin in erfaring riker wurden en besef des te mear hoe oergryslik goed en ryk wy it hjir hawwe. As’t it mar sjen wolst is eltse dei in kado datst krigest yn it libben.
Peter.
28 maart 2020