Weromsjoch André Boersma
Fan mids maaie oant ein juny mocht ik helpe by de bou fan in keuken by in weeshûs yn Kaoma, wêr’t 130 wezen fan 0 oant 18 jier âld fersoarge wurde. Oant dy tiid waard iten sieden altyd bûten dien en dat soarge foar in soad problemen, foaral yn it reinseizoen. Wy hawwe de keuken boud mei 4 Zambianen en 4 Nederlanners. De fiertaal wie Ingelsk en de gearwurking wie poerbêst. Fansels binne de kulturele ferskillen geweldich, mar mei in protte ymprovisaasje en humor kinne jo in hiel ein komme. Mei tank oan jo mienskiplike donaasjes, ek hjir op Skylge, de kollektes fan alle tsjerken by Kryst en de aksje op ‘e pleatslike Vosserschool, hawwe wy dit ferwêzentlikje kinnen. It wie in rike ûnderfining foar my yn in earm lân!
Weromsjoch fan Cees Schellens
Foardat wy nei Kaoma yn Zambia gongen, hie ik besocht in yndruk te krijen fan wat ús dêr te wachtsjen stean soe. De libbensomstannichheden binne nochal wat primitiver as wy yn Nederlân wend binne. Stroom en wetterfoarsjenning feroarsaakje noch al ris wat problemen. De logistyk foar de oanlis fan ‘e keuken by it weeshûs fan Zr. Mary wie soms in bytsje lestich, mar de gearwurking mei de Zambiaanske bouwers wie poerbêst. De keuken is der en is ynrjochte en kin no optimaal brûkt wurde. Dat jout in hiel tefreden gefoel. Wat opfallend is, is dat de Zambianen yn Kaoma in soad wille hawwe yn har libben. Se binne hiel tankber foar de help dy’t de stifting Bouwen mei Bouma’s dêr, yn ‘e foarm fan finânsjes en wurk. Wy Nederlanners, geane nei in tsjinst yn ‘e tsjerke, mar de parochianen fan Father John geane nei in fiering en se fiere mei hert en siel, mei sang, dûns en beweging. Ik ha in soad bewûndering krigen foar Father John, de nuchtere Fryske herder, dy’t mei in protte humor fantastysk funksjoneart yn ‘e midden fan syn mienskip. Al mei al in bysûndere ûnderfining, dêr’t ik noch lang fan genietsje sil.
28 maart 2020