Weromsjoch Ger-Jan Zijlstra en Nico Lenes
It ferlof waard opnommen, ATV-dagen garre, de wurkfakânsje yn Zambia koe begjinne. It moaie wie dizze kear dat wy, de beide bouwers, út itselde doarp kamen, unyk, toch? Gert-Jan komt faak by ús oer de flier en fan it ien komt it oare. It begûn mear en mear te borreljen en te kribeljen en by ús beide foarm te krijen. Ek by it wurk en thús waard it ljocht wer op grien setten. It wie Gert-Jan syn earste kear en myn twadde kear en fansels kamen Bas en Herman ek mei. Mei fjouwer fan ús 6 wike nei Kaoma, wat in aventoer en ûnderfining. It wie as hie ik noait fuort west. Wat in wolkom fan ús kollega-bouwers en it bestjoer dêr, prachtich. Pater John hat ús ophelle fan de lofthaven en dat docht jo wat. En wat in moed en kriich fan it bestjoer hjir en dêr yn Afrika. Wat der allegearre al net realisearre en boud is, yn ien wurd TOP. De Bouma-famylje, pater John en alle frijwilligers efter de skermen. De minsken dy’t de klean yn ‘e seekontener ferpakke, wat in tiid en in wurk wurdt der yn stutsen. Geweldich! Ja 6 wike Haskerhorne ferrulje foar Zambia wie opnij in prachtige ûnderfining. Ek mei de kollega-bouwers. Wy wiene in team, dat soms Frysk spruts, sadat se no in pear wurden fan it Frysk “Goeie” en “Oant moarn” kinne. De doelstelling fan ús kant is berikt, de Afrikaanske bouploech kin it sels ôfmeitsje. Mei in protte yndrukken en in goed gefoel gongen wy nei hûs, wêr’t de wolkomkommisje op Schiphol klear stie. 6 wiken omflein6 wiken ynset foar jo meiminskebouwe mei elkoar foar elkoar tank kollega bouwerstank famylje Bouma
Weromsjoch Bas van Elswijk
No, alwer folslein oanpast, nei in wike oan it libjen hjirre en dat giet hiel fluch. Dêr yn Kaoma wie it efkes wennen dat dêr alles folle rêstiger giet. De jonges dêr sjogge net dagen foarút, en wêr’t wy ús soargen dan oer hawwe! Mar as wy in skoftke net trochgean kinne, waard it al gau sein: dit is Zambia, it komt wol goed. En it kaam goed, want doe’t wy it gebou ferlieten, wie d’r in skoalle mei 3 klassen. Net yn 6 wiken folslein klear, mar op hichte en ree om it dak op te setten. It is in geweldige ûnderfining om dêr mei de jonges te wurkjen. It wie de twadde kear dat ik gie en it wie wer in geweldige tiid. Ried elkenien oan om it ek ris te dwaan. It is in ûnderfining dy’t jo hiele libben by jo bliuwt. Oan alle kollega-bouwers dêr en hjir: ik ha wer geniete: in geweldige tiid trochbrocht 6 wiken meiinoar!
Weromsjoch Herman Bouma
Om in projekt goed út te fieren is de ûnderlinge relaasje tusken de fjouwer Nederlânske bouwers essensjeel. Lykas hope en ferwachte, wie dizze ek dit jier opnij hiel goed, d’r wie wer in soad te laitsjen. Ek de gearwurking op de bou tusken de Zambiaanske en Nederlânske bouwers wie geweldich. Utfierder Eddy doarst wurkopdrachten te jaan oan Bas, Nico en Gert-Jan. Op dizze manier koe yn seis wiken in geweldige prestaasje levere wurde. Lykas yn foargeande jierren ha ik opnij in protte fergadere, fotografearre en filme. Tegearre mei BmB-bestjoersleden begûn ik te sykjen nei projekten foar de takomst. Moast nei Lusaka gean foar boumaterialen. Ik besocht safolle mooglik de klean en tekkens en oare helpguod op it goede plak te krijen. It hiele team wurke seis wike hiel hurd. En de beleanning? Blide, tankbere minsken, strieljende eagen, prachtich. In bettere beleanning is net te tinken. Elk jier, nei seis wiken, gean ik wer hús mei in glimke op myn gesicht, mar tagelyk stekt de ûnwennigens nei Zambia de kop alwer op.
28 maart 2020